Ahsoka Tano
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ahsoka Tano is in fiktyf bûtenierdsk personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja is in Togruta dy't Jedi-ridder wurdt ûnder it mentorskip fan Anakin Skywalker. De geastlike heiten fan it personaazje wiene Star Wars-betinker George Lucas en regisseur Dave Filoni. Ahsoka waard yn 2008 yntrodusearre yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars en kearde werom yn seizoen 2 oant en mei 5 fan 'e dêropfolgjende tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. Letter kearde se jitris werom yn ferskate ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels, dêr't se de koadenamme Fulcrum brûkte. Alle kearen waard de dialooch fan Ahsoka ynsprutsen troch stimaktrise Ashley Eckstein, dy't as sadanich ek in stimcameo hie yn 'e live-actionfilm Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker.
Ahsoka Tano personaazje út Star Wars | ||
Ahsoka Tano sa't hja te sjen wie yn seizoen 2–5 fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Fulcrum | |
bynamme | Snips (troch Anakin Skywalker) | |
sekse | froulik | |
soarte personaazje | Togruta | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-ridder | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Anakin Skywalker Obi-Wan Kenobi Darth Vader Ezra Bridger de Mandaloriaan Grogu | |
geastlike heit | George Lucas Dave Filoni | |
ûntstean | 2008 |
- Ahsoka wiist troch nei dizze side. Foar de hearsker út 'e Yndyske Aldheid, sjoch: Ashoka.
- Dizze side giet oer it personaazje Ahsoka. Foar de tillefyzjesearje, sjoch: Ahsoka (tillefyzjesearje).
Ahsoka is ek de protagoniste fan 'e nei har ferneamde roman Star Wars: Ahsoka, wêrfoar't Eckstein de audioboekferzje foarlies. As live-actionpersonaazje makke Ahsoka har debút yn it twadde seizoen fan 'e Disney+-tillefyzjesearje The Mandalorian, wêryn't har rol spile waard troch aktrise Rosario Dawson. Dyselde kroep fannijs yn 'e hûd fan it personaazje foar in gastrol yn 'e searje The Book of Boba Fett, en se sil ek de titelrol fertolkje yn in oan Ahsoka Tano wijde minysearje dy't op steapel stiet, mei as titel Ahsoka. Hoewol't de mienings fan sawol kritisy as fans yn 't earstoan ferdield wiene oer Ahsoka, ûntjoech se har meitiid ta in wiere favoryt fan 'e fans, en waard se oanwiisd as in "sterk froulik personaazje" en in posityf rolmodel foar famkes.